(Folslein skerm? Klik op jo rjochter mûsknop!)



  • Video Sketsboek WILLEM MOOK
  • potlead, inket en kryt tekeningen

It dierberste dinkje dat in keunstner hat is syn sketsboek. Neist it brûkme foar modelsketsen foar myn skilderijen en yllustraasjes brûk ik it foar de bleate lol oan't tekenje. It wurk op it atelier kin bytiden erg tsjinsitten en ferfelend wêze at it skilderij op 'e ezel net wol. Op sokke mominten moast wat oars dwaan as skilderjen omt dy dêr oerhinne te setten. Somtiden binne it oare ferplichtingen en saken as keunst dy 't probleem wêze kinne. Foar sokke situaasjes haw ik altyd myn sketsboek en myn potlead by my foar it gefal dat it momint sich foardocht; Wham....Tekenje sûnder der oer nei te tinke!
Miskien wol de gelokkichste mominten yn 't keunstners bestean.
Dizze sketsen binne wat se binne; Wonderlik bekraste juwieltsjes, alles behalve goed mar dierber om te besjen op drege mominten.

SJOCH EK myn Sketsen en Tekeningen

SJOCH EK myn Yllustraasjes

 

 

[Foarige side foar IE4 en 5