[Foarige side foar IE4 en 5
 
CV+Ynformaasje

Wês op nei, wolkom nei myn thússide. De tekst en ynformaasje hjirûnder binne al fan lange lyn. Op dit stuit wol ik dizze tekst net ferwiderje foar myn eigen ûnthâld en ferwûndering. Troch myn drok ûnderwiis bestean haw ik faak gjin tiid fûn foar myn eigen artistike aktiviteiten en it fersoargje fan myn thússide.

Foar in pear moannen bin ik no mei pensioen om my hielendal op myn keunst te konsintrearjen. Yn 'e ôfrûne moannen hat ik in soad tiid yn myn atelier trochbrocht om it gefoel foar it skilderjen wer opnimme te kinnen.

Ik hoopje dat ik myn nije wurk aansens by Aktua Forma en Winter Prosperity yn Grins en Galery Paterswolde sjen te litte.

Ik haw en de lêste wike ferskate saken feroare en oanpast. Dit sil noch in skoftke tiid fergje. Yn 'e 20 jier dat dizze side bestiet, is folle feroare yn' e digitale wrâld fan it ynternet. Ik sil myn bêste dwaan om my in bytsje oan te passen.

Op myn  thśsside sjogge jo in pear foarbylden fan myn wurk as keunstner. Ik wenje yn Ljouwert, Fryslān.

De earste eksposysje wie yn 'e hjerst fan 1993 en ferskillende ha dźrnei plak hān. Twa jier haw ik foar it earst yn 't būtenlān in stap weage om myn skilderijen sjen te litten. Sa is en wie der wurk te sjen yn Barcelona, Tokio, Grandchamps, Carmel en yn Palm Desert . Der binne plannen genōg om 't yn de takomst śt te wreidzjen nei mear plakken. Fierder haw ik my dwaande hālden mei boek-omslaggen, in CD hoeske en yllustraasjes foar it eardere Frysktalige tydskrift Frysk en Frij, de KFFB, de Q en de Ljouwerter Krante.
Ek hat de kompjoeter my yn 'e besnijing det lźste jieren, sa 't jo sjen kinne ūnder it knopke Kompjoeter Grafyk.Net allinnich it grafysk wurkjen op de kompjoeter is in aparte ūnderfining foar my, ek de kontakten oer de hiele wrāld troch it Ynternet en de eamelderij binne wol in bytsje bjusterbaarlik. Sa't altyd giet , it went ek wer.
Echt prachtich wie 't wykein yn Oktober mei it SFC Festival yn Tokio. Der wie net allinnich opstjoerd wurk fan my en in protte oare keunstners śt'e wrāld oan de muorren te sjen, ek in dia presintaasje Zero-One dy't ik makke hie mei powerpoint is tusken de videoart produksjes ferskillende kearen fertoant op 3 by 4 meter yn in filmseal. Twa nachten wie 'k tagearre mei in protte keunstners śt de hiele wrāld ( fan Helsinki o./m. Nij Seelān) ferbūn en yn 't spear om plaatsjes makke troch de festival besikers en opstjoert nei my en de oaren sa gau mooglik keunstich te bewurkjen mei de kompjūter en ferfolgens it risultaat werom te stjoeren. Yn Tokio wiene de minsken klear om it sa gau mooglik śt te printen en oan de muorren te hingje sadat de festival besiker syn plaatsje mei nei hūs krije koe.
De Japanske media en ek de televyzje hawwe der in protte oandacht foar hān. Der wiene tūzenden besikers yn Tokio is my fertelt. Neffens de Fryske parse wie 't Pizzas dat wichtich wie foar de Keunst dat wykein. It grutske relativearje ta it lytse is sa ek in ūnderfining fan my op it Ynternet yn myn atelier yn Fryslān. Hjiryn stiet ta paslik ek myn ezel. Resiltaten fan dit SFC Festival 1999 kinne Jo besjen at Jo R2001 oanklikke. It Renaissance 2001 wermei ik gearwurk as Lighthome Frylān - Holland is in project dat dit jier wat grutsk op'e hispel nimt op it Ynternet. S'at dy Fryske keunstbroeders mei in bytsje ūnderfining op'e kompjoeter dy't nocht hawwe om tagearre wat te dwaan.

Lês ek: stillibben, neaken, lânskippen, portretten

Oplieding: 1982 Ubbo Emmius, Ljouwert
Oersicht fan myn ôfstudear-projekt:
The Great Paris Pumps.

The Great Paris Pumps 1982

Email-projekt 1998 : Tagelyk in ūntwerp foar in Albrecht fan Saksen monumint foar it oerweldigjen fan it Fryske folk en it ynstalleare fan blykber it earste provinsjebestjoer.  Tagearre mei de oare ynsendingen fan Prakticabel hat it oan de muorren yn 't Provinsjehûs oan'e Twabaksmerke hongen.

Foar in ferantwurding kinne Jo hjir oanklikke

Keunst boppe de grźft, Ljouwert 1997

Eksposysjes:

 

1993  Mebius, Noardhorn
1994 De Zandloper, Eastermar
1995  De Oorsprong, St. Niek
1996 Kluts, Balk
1996 Galerij Romein, Ljouwert
1997 Gemeentehūs Tytsjerksteradiel, Burgum
1997 Kluts, Balk
1997 Keunst boppe de grźft, Ljouwert
1997 Apart, Grins
1997 Boekwurk, Ljouwert
1997 Mebius, Noardhorn
1997 De Kapberg, Egmond oan de Hoef
1998 Apart, Grins
1998/99 Galeria d'Art zero, Barcelona
1998/99 Zantman Art Galleries, Palm Desert
1999 MAC 21 art-e-mail, Malaga
1999 SFC Festival, Tokio
1999 Galerie La vallée verte, Grandchamp
2000 Dikado, Seewāld
2000 Galeria d'Art Zero, Barcelona
2000 Shomeido Gallery, Tokio
2000 Galerij Romein, Ljouwert
2000 Galery Bloemrijk Vertrouwen, Aldtsjerk
2001 Kunst Ahoy, Rotterdam
2001 FRIA eksposysje yn Gemeentehūs Tytsjerksteradiel, Burgum

2001 MAC 21 art-e-mail, Marbella
2001 Bienal de Cerveira, Vila Nova de Cerveira
2001 Omrop Fryslân, Ljouwert
2001 Ututu,Cell Space, San Francisco
2002 FRIA, Frysk Skilderhûs, Ljouwert
2002 Praktikabel, Fries Museum, Ljouwert
2002 Kunst Ahoy, Rotterdam
2002 Galery Kos, Zierikzee
2002 GEIC, Tokio

2002 Galery Bloemrijk Vertrouwen, Aldtsjerk

2003 FRIA Waterpoort Art Gallery, Sneek
2003 Duurzaamheidsbeurs, Leeuwarden
2003 Fotografria, Burgum
2003 Artday at Cafe Slow Gallery in Fuchu City, Tokyo
2003 FRIA Kabinet Hendrik Beekman, Marrum
2004 Galerie De Herkenning, Wittelte
2005 "Earth Day 2005 - eARTh Poster Exhibition" Global Environment Information Center (GEIC), Aoyama, Tokyo.
2005 FRIA 20 Fotogalerie N0. 5 Leeuwarden
2005 FRIA 20 Galerie im Lokschuppen, Jever
2005 Schransexpositie, Leeuwarden
2006 It Frysk Skildershûs, Leeuwarden
2006 FRIA Galerie Vromans - Boumeester Project, Leeuwarden
2006 Schransexpositie, Leeuwarden


 

 

9-11 oant 17-12-2017 WADDENSCHILDERS yn FORMA AKTUA, Grins

ek yn wykein Winter Welvaart; Skipfearttmuseum en o.b.sylskip MARS


 

30 oktober o/m 16 november 2014

Publieksleaveling?

STiMMEN fia Facebook?

 

 


 

6 July o/m 8 Septimber 2013 Gesichten fan it Noarden

Museum Dr8888


 

 

Keunst op Nienoord

30 keunstners, werûnderWillem Mook nimmen diel aon in keunstbeurs op itt landgoed Nienoord yn it Nasionaall Rijtugmuseum yn Leek op 28 en 29 novimber 2009 fan 13.00 tot 17.00 o.

 


 

 

Omgaan met - Handling - Omgean mei

Willem Mook Comp. Graphic € 9,11

eksposysje achter de winkelrúten fan de

Schrans - Hobbemastrjitte, Ljouwert

16-9-2006 o/m 12-10-2006


 

   

GRAVITY serie Willem Mook Comp. Graphics ALU-frame glassed 60 x 40 cm € 300

FRIA yn Cristalic

11-3-2006 t/m 20-5-2006

to-frr-sneons 13.00 17.00 oerer en it 2de wykein fan 13.00-17.00 oere

Galerie Vromans Bouwmeester-Project

Ljouwert


 

 

NAUTILUS serie Willem Mook Comp. Graphics ALU-frame glassed 60 x 40 cm € 300 -30 x 20 cm € 150

Willem Mook, Robert Jan Hol, Marian van Essen and Jongenotter & de Haan

19-1-2006 o/m 25-1-2006

to-frr-sneons13.00 17.00 oere

It Frysk Skilderhûs

Ljouwert


 

8-10-2005 t/m 8 -11-2005

Schrans groepseksposysje Ljouwert


 

 

9-10-2005 o/m 30-10-2005

FRIA 20 Friesischer Raum Galerie im Lokschuppen

so-mo-mi 15.00 18.00 Uhr
Jever (Dútslân)


 

FOTOGRAFIA

10-7 o/m 18-8-2005

Fotogalerie No. 5, Nije Easterstrjitte 5, Ljouwert, wa t/m sneon 13.00-17.00 en 2de snein fan 'e moanne

Sjoch ferslach iepening yn Elteha Nieuws


SWARTE INGELS roman WILLEM SCHOORSTRA is útbracht op 25-1-2004


 

 

La rencontre des prunes au ciel defloré no. 1

SURFRIALISME
23-11 t/m 28-12-2003, fr t/mo 12.00-18.00 oere, Keunstkabinet Hendrik Beekman, Marrum

 

Artday
27-06 tot 8-07-2003
Artday Festival at Cafe Slow Gallery in Fuchu City, Tokyo
Tokyo, Japan


 

FOTOGRAFRIA
30-6 o/m 9-9-2003, mo o/m fvr 10.00-12.00 en 14.00-16.00 oere, Gemeentehûs Tytsjerkstradiel, Burgum

 


 

FRIJ '03 fan 11-1 o/m 22-2-2003 de 18de FRIA Eksposysje yn Snits


 

26-2-2003 o/m 2-3-2003
Duurzaamheidsbeurs 2003 in Exposentrum FEC
wa t/m fr 14.00-22.00 uur, sneon en snein 10.00-18.00 oere
Ljouwert


 

     

Haiku's ferbyldszje, Galerie Bloemrijk Vertrouwen, Aldtsjerk


 

 

WESTHOEK VIDEO POP-UP

Yn ferbân mei de Fryske Strjitte by Galerie Kos yn Zierikzee yn juni, juli en augustus 2002 wêrûnder ek 2 fan myn lânskippen fan Westhoek te sjen binne. In videofragmint út myn powerpoint ynstjoering WESTHOEK dat yn 2000 yn de Shomeido Gallery, Tokyo sjoen is.

 


 

 

 

Art Day Animation POP-UP

ARTDAY
Le Café Doutor, Ginza, Tokyo
foto1 2 july 2002 foto2

 


 

R2001 T-shirts Exhibition

Global Environment Information Center at the United Nations University Tokyo



 

diapresintaasjeMINSKEWURKdiapresintaasje

 

 

 

 

WILLEM MOOK painter, illustrator and graphical designer

Foto: Ton Aartsen

WILLEM MOOK
Cornelis Frederiksstrjitte 1
8921 AT Ljouwert
Hollân
Til./Faks: +31-58-2121607

Lid fan FRIA
Fakbûn Byldzjend Keunstners Fryslān
Fakbûn Byldzjend Keunstners Fryslân


 


 

 

 

Worpswede

Oesicht Lânskippen

In protte lānskippen haw ik skildere yn 't Bilt. Dat gebiet leit noardwestlik fan myn wenplak Ljouwert. Ik hāld fan de iepenheid fan dat Fryske lānskip; in hast harmonieus byinoar kommen fan abstrakte stikken lān, loft en wetter. Nammenste reden om bytiden mei 't ezeltsje der op śt te gean. Al beskōge ik dat būten skilderjen blykber as in ferfanging fan myn nocht oan fiskjen yn 'e būtenloft. De lźste jierren haw ik dat lźste net mear dien. Boppedat in bytsje skilderje yn'e romte kin gjin kwea foar my. Altyd mar op it atelier oan't wurk is ek net alles.

 

 

 

 

 

 

 

 

Oersicht Stillibben

Fruchten as foarwerpen yn in stillibben hawwe de minsken altyd oansprutsen as in minsklike metafoar foar it einige bestean fan alles wat bloeit en groeit. It ieuwenālde besef fan memento mori en carpe diem foarmen dźr de grūnslach fan. Ik haw faak in hekel oan dy goedkeape en moaie foar yn 'e mūle lizzende tinkwize. Neffens my komt soks earder fuort śt in maatskiplik feilige (ūn)bewuste net śt-sprutsen eroatyk.

In protte lānskippen haw ik skildere yn 't Bilt. Dat gebiet leit noardwestlik fan myn wenplak Ljouwert. Ik hāld fan de iepenheid fan dat Fryske lānskip; in hast harmonieus byinoar kommen fan abstrakte stikken lān, loft en wetter. Nammenste reden om bytiden mei 't ezeltsje der op śt te gean. Al beskōge ik dat būten skilderjen blykber as in ferfanging fan myn nocht oan fiskjen yn 'e būtenloft. De lźste jierren haw ik dat lźste net mear dien. Boppedat in bytsje skilderje yn'e romte kin gjin kwea foar my. Altyd mar op it atelier oan't wurk is ek net alles.


 

 

 

 

 

 

 

 

 

Sa nou en dan weagje ik my oan portretten. Ik fyn it net sa gemakelik ûnderwerp, sels moeilik om te dwaan. Persoanlik fyn ik neat sa slim at in stive geskilderde snút hingjend oan in spiker oan 'e muorre. Ik probearje wat fan in persoanikheid te finen. In soarte fan skimmich beweeglik werkennen fan it libben, it dwaan en it tinken.fan in persoan en ferfolgens yn 't úterlik te ferbyldsjen. De serie portretten dy ik tagearre mei Robert van de Woestijne makke haw fan personielsleden fan de Fryske Parse foar harren personielsblêd De Voordraai wie in ekspirimint wertroch ik wat mear ynsicht krigen ha fan wat in portret is.

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Oersicht Neaken

In myn bestean as skilder ha 'k altyd in protte omtinken hān foar it neaken. Ik hāld fan de ferskillen yn skientme, libbenskrźft en earlikheid fan it minsklik lichem. Neffens my wurdt dat faak ūnderskat of net ynsjoen troch it healslachtich omgean mei maatskiplike noarmen en wearden.
Dźrtsjinoer fyn ik dat it neaken beskōge wurde moat as 't śtprobearjen fan in keunstner om in earlik portret te meitsjen fan it minslik lichem as in artistike en monumintale bydrage oan 't minsklik libben en kultuer. Binnen dy fisy wol ik myn wei fine. Yn 't begjin skilderjend, nei it skōge te hawwen, wurdt it lichem mear en mear yn in abstrakt kader pleatst. In oar besef oer de śtdrukking fan in skilderij is wichtiger wurden. It materiėle bestean fan in skilderij, de kleuren, struktueren, tekstueren, ritmes en komposysjes fereaskje folle sterker in yngeand byld fan in skilderij as in foarspelber betinksel. Dy wurklikheid oer it byld jout net in spegelbyldige kopy fan in wrāld būten it skilderij mar kin śteinlik der seker wat oer śtdrukke. En wźrom soe in skilder in skilderij meitsje as der foar him gjin aventoer ynsit? Yn 't koart bliuwt in skilderij in konkreet ding dat wat śtdrukt en dźr oandacht foar ferget.
Hooplik in nij ūntdutsen en net foarspelber, miskien in hast taastbere wrāld foar sawol de skilder as de oanskōger. It ferbyldzjen fan dy wrāld soe 't doel en it middel wźze moatte fan de skilderkeunst en net de herhellin
g.

 

 

 

 

 

WILLEM MOOK NIEUWS POP-UP